Werom nei Grou
ISBN: 9789056152062
ondertitel: vertaler: oorspronkelijke titel: illustrator: nur: 524 bindwijze: ing taal: fy pagina's: 173
prijs incl. BTW € 17.50
Ulke Brolsma waard yn 1943 berne oan de Stasjonswei yn Grou. Heit Liuwe Brolsma hie in boekhannel en drukkerij oan de Haadstrjitte en skreau romans en ferhalen krekt-en-gelyk as pake Reinder Brolsma, de ferneamde folsskriuwer. Yn 2006 skreau Ulke Brolsma foar de Mid Frieslander stikjes oer syn jeugd yn Grou mei as titel Efkes werom nei Grou. Yn 2007 folgen noch in stikmannich fan dizze ferhalen. Foar dit boek hat Ulke Brolsma de ferhalen op e nij bewurke en flink útwreide. Hy hat der boppedat noch hiel wat ferhalen byskreaun. Ulke Brolsma wennet al mear as 40 jier net mear yn Grou. Mar in Grouster bliuwt altyd in Grouster.