
| Ulke Brolsma (1943) Ulke Brolsma waard yn 1943 berne oan de Stasjonswei yn Grou. Heit Liuwe Brolsma hie in boekhannel en drukkerij oan de Haadstrjitte en skreau romans en ferhalen krekt-en-gelyk as pake Reinder Brolsma, de ferneamde folksskriuwer.
Ulke Brolsma sels begűn yn 1999 mei it skriuwen fan fiksje. Hy publisearre yn Trotwaer, Kistwurk, Farsk en De Moanne en krige yn 2000 in Rely Jorritsma-priis foar syn ferhaal Ioana.
Yn 2001 kaam in ferhalebondel fan him út mei as titel Ioana. Yn 2006 ferskynde syn boek Een slagje hier en daar, it ferhaal oer syn betoerpake Hessel Brolsma, dy't yn 1831 troch it regear besteld waard om as soldaat fan 18 jier tsjin de Belgen te fjochtsjen. Yn 2009 ferskynden syn herinneringen oan Grou yn de bundel Werom nei Grou.
Brolsma wennet yn Saandam. http://www.ulkebrolsma.nl/ |